SW-Fryslân foarbyld gemeenten

14 apr 2014 - 21:08

De kommunikaasje yn de gemeente Súdwest-Fryslân kin noch fierder ferbettere wurde. Foar de rest is de weryndieling fan de gemeente goed ferrûn. Dat sei minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken moandei by in wurkbesite.

Plasterk kaam del om te sjen hoe't de gemeente der no foar stiet. Ut in evaluaasje yn opdracht fan it ministearje die bliken dat der noch in soad better moat. Sa wie de ôfstân tusken de ried en de ynwenners te grut. Neffens de minister wurdt dat goed oppakt en kin Súdwest-Fryslân as foarbyld tsjinje foar oare gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)