Sviastoslav ek nei Tadzjikistan

07 feb 2006 - 10:27

De stifting Sviatoslav yn Skearnegoutum wol de aktiviteiten útwreidzje nei Tadzjikistan. Dat leit tusken Kirgizië en Afganistan. De stifting set him yn foar kânsearme, sike bern yn Ruslân. Sintraal opfangplak is Sint Petersburg, mar de ôfstân mei Tadzjikistan is te grut. Boppedat is it better dat de bern yn har eigen omjouwing behannele wurde.

In delegaasje fan de stifting hat fjouwer bern út Tadzjikistan meinommen nei Nederlân foar behanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)