Sven wol, Elma net yn ploech

25 feb 2010 - 22:34

Sven Kramer sil mei Jan Blokhuijsen en Simon Kuipers de earste omloop ride op de Olympyske ploege-achterfolging. Komt de Nederlânske ploech fierder yn it toernoai dan sil Mark Tuitert, de Olympysk kampioen op de 1500 meter, it plak fan Simon Kuipers ynnimme.

By de froulju is Elma de Vries net opnommen yn de achterfolgingsploech. Har alfde plak op de 5000 meter is dêr debet oan. De Nederlânske ploech wurdt foarme troch Ireen Wüst, Renate Groenewold en Diane Valkenburg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)