Sven út de skroeven nei winst

14 feb 2010 - 00:56
  • De huldiging fan Kramer yn it Holland Heineken House

Sven_Kramer wie nei syn oerwinning op de Olympyske fiif kilometer folslein út de skroeven. 'Hjir dochst it allegear foar, hjir ha ik fjouwer jier foar fochten', liet Kramer yn in earste reaksje witte.

Kramer moast nei syn rit lang yn spanning wachtsje op de konkurrinsje. 'Doe't dy Koreaan sa ticht yn de buert kaam, tocht ik wol even: aanst dûke dy oaren der noch ûnder! Gelokkich barde dat net', sei de winner fan de gouden medalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)