Sven twifelet oer 1500 meter

10 feb 2014 - 10:03

Sven Kramer docht mooglik net mei oan de 1500 meter by de Olympyske Spelen. Dat hat er fan 'e moarn sein nei syn training. Kramer wol him rjochtsje op de 10 kilometer en twifelet der oer oft de 1500 meter wol yn dat skema past. In definityf beslút hat er noch net naam.

Dit wykein sei syn coach Gerard Kemkers dat Kramer yn syn eagen medaljekânshawwer is op de 1500 meter. Kramer ûntstriidt dat net, mar seit ek dat in medalje op de 1500 meter foar him gjin prioriteit hat.

Fierder sei Kramer dat er moandei mei syn coach fan sliepkeamer wiksele hat. Kramers keamer leit oan de strjittekant, dêr't er bot lêst hat fan lawaai en bussen dy't oerdeis en nachts ôf en oan ride. Hy ferhûzet no nei in keamer oan de oare kant fan it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)