Sven treft Blokhuijsen op 5 km

24 des 2013 - 12:08

Sven Kramer moat it tongersdei by it Olympysk kwalifaasjetoernoai op de fiif kilometer opnimme tsjin Jan Blokhuijsen. Dat hat de lotting tiisdei bepaald. De twa treffe elkoar yn de lêste rit. Kramer is favoryt op de ôfstân, mar ek Blokhuijsen, Jorrit Bergsma en Bob de Jong lykje in goeie kâns te meitsjen op dielname oan de Olympyske Spelen yn Sotsji.

Jorrit Bergsma moat it yn de sânde rit opnimme tsjin Douwe de Vries, wylst Bob de Jong in rit earder Christijn Groeneveld treft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)