Sven start net op de 1500 m

12 feb 2014 - 08:36
  • Sven Kramer yn Sotsji

Sven Kramer start net op de 1500 meter by de Olympyske Spelen yn Sotsji. Nei de 5 kilometer waard al bekend dat hy twifele oft er wol of net starte soe, mar no is de knoop dus trochhakt. Kramer wol him hielendal rjochtsje op de 10 kilometer en tinkt dat de 1500 meter net past yn in goede tarieding op dy ôfstân. Yn syn plak rydt Jan Blokhuijsen. Hy soe nei syn sulver op de 5000 meter nei hûs, mar is bliid dat er bleaun is en no ride mei.

De Olympyske 10 kilometer wurdt nije wike tiisdei riden, de 1500 meter stiet foar sneon op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)