Sven is reedrider fan it jier

14 mrt 2007 - 11:28
  • Sven Kramer yn it Thialfstadion nei wer in oerwinning

Sven Kramer fan Aldskoat is keazen ta reedrider fan it jier. Hy krijt ein maart de priis dy't dêrby heart: de Ard Schenk Award. Dat gebeurt op in Gala dat rjochtstreeks op de tillevyzje útstjoerd wurdt. Kramer is keazen troch in sjuery fan njoggen minsken, oanfuld mei de miening fan it publyk dat fia ynternet stimme koe.

Kramer helle it ôfrûne seizoen alle prizen dy't der te winnen wiene, lykas it EK en WK allround.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)