Sven opnij Europeesk kampioen

11 jan 2009 - 16:26
  • Sven Kramer (argyf)

Sven_Kramer is foar de tredde kear op rige allround Europeesk kampioen reedriden wurden. Op 'e lêste ôfstân, de 10 kilometer, liet er sjen dat er magistraal ride kin. Nei 8 kilometer sette Kramer oan en liet syn neiste konkurint Bøkko mei 9 tellen op 'e streek efter. Carl_Verheijen waard tredde mei 18 tellen efterstân op in superieure Sven Kramer.

De winnende tiid fan Kramer op it Thialfiis wie 13.00,17. It brûns op it EK wie foar Wouter Olde_Heuvel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)