Sven Nijs net by Centrumcross

20 des 2005 - 14:38

De topfjildriders Gerben de Knegt út Nederlân en Erwin Vervecken út België dogge op 4 jannewaris yn Surhústerfean mei oan de Centrumcross. Richard Groenendaal, de winner fan ferline jier, is ek wer fan de partij. Dat is moandei bekend makke.

De organisaasje koe it kontraktueel net iens wurde mei de Belgyske topper Sven Nijs. "We moatte finansjele grinzen stelle", seit Andries Nieuwenhuis fan de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)