Sven Kums nei Zulte Waregem

31 aug 2013 - 23:47

Sven Kums hat syn lêste wedstriid spile foar SC Hearrenfean. De Belgyske middenfjilder ferhuzet nei earsteklasser Zulte Waregem yn syn heitelân. Kums wie de ôfrûne twa seizoenen in fêste wearde foar Hearrenfean, mar is troch de komst fan Magnus Eikrem en de ûntwikkeling fan Marten de Roon en Hakim Ziyech op de reservebank telâne kaam. Persoanlik is Kums al rûn mei Zulte Waregem en hy ferwachtet dat de klups der ek gau útkomme sille. It kontrakt fan Kums rûn noch troch oant 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)