Sven Kramer yn 11e rit op 1500 m

09 nov 2006 - 19:47

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat komt freed by de Wrâldbeker wedstriden op de 1500 meter út tsjin de Amerikaan Blumel. Se sille yn Thialf op it Hearrenfean ride yn de alfde rit.

De lêste rit moat it spektakelstik wurde. Dy rit giet tusken olympysk kampioen Enrico Fabris út Italië en allround wrâldkampioen Shani Davis út Amearika. Fierder wurde freed de 500 meter by de manlju en de 500 en 1000 meter by de froulju riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)