Sven Kramer wrâldkampioen 5 km

22 mrt 2013 - 16:10

Sven Kramer hat sa as ferwachte de 5000 meter wûn by it WK ôfstannen op de Olympyske baan fan Sotsji. De Europeesk- en wrâldkampioen fan It Fean bleau mei 6.14.41 de konkurrinsje dúdlik foar.

Kramer ried yn de lêste rit tsjin de Koreaan Lee. Hy koe him dêrmei rjochtsje op de tiid fan Jorrit Bergsma. De reedrider fan Aldeboarn hie 6.17.94 delset. Dat wie goed foar it sulver. De Rus Ivan Skobrev pakte it brûns yn 6.18.31. Foar Sven Kramer wie it de fiifde wrâldtitel op de 5000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)