Sven Kramer wrâldkampioen

10 feb 2008 - 18:21
  • Sven Kramer (foto Martin de Jong)

Sven Kramer is yn Berlyn foar de twadde kear yn syn karriêre wrâldkampioen allround wurden. Hy wie op de ôfslutende 10 kilometer fierwei de bêste en stelde dêrmei it goud feilich.

De Noar Harvard Bokko easke it sulver op en it brûns gie nei de Amerikaan Shani Davis. Mei de oerwinning pakt Kramer foar de twadde kear de dûbel: it Europeesk en wrâldkampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)