Sven Kramer wint ek de 10 km

27 okt 2013 - 17:34
  • Sven Kramer

Sven Kramer is foar de fyfde kear nasjonaal kampioen op de 10 kilometer wurden. Yn in baanrekôr fan 12.45.96 liet hy alle konkurrinten achter him. Dy tiid is de twadde tiid ea, allinne mei syn wrâldrekôr yn 2007 yn Salt Lake City (12.41.69) wie Kramer rapper. Yn in rjochtstreeks duel fersloech hy Jorrit Bergsma dy't mei 12.52.27 twadde waard. Krekt dêrachter siet Bob de Jong yn 12.52.30.

Jan Blokhuijsen moast genoegen nimme mei it fjirde plak. Kramer hat mei dizze oerwinning 13 gouden medaljes op in nasjonaal kampioenskip ôfstannen helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)