Sven Kramer wint EK allround

13 jan 2008 - 17:59
  • Sven Kramer (foto fan Martin de Jong)

Sven Kramer fan Aldskoat hat it EK allround wûn. Yn it Russyske Kolomna wie er oppermachtich. Kramer wûn trije fan de fjouwer ôfstânnen. Winst wie der op de 500, 5000 en 10.000 meter. Op de 1500 meter waard er tredde.

It is de twadde kear dat Kramer Europeesk kampioen wurdt. Havard Bøkko waard twadde, Enrico Fabris tredde. Wouter Olde Heuvel einige as fjirde, Ben Jongejan as sechsde en Ted-Jan Bloemen as achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)