Sven Kramer wint de 500 meter

29 des 2007 - 13:23
  • Sven Kramer nei de 500 meter

Sven Kramer hat de 500 meter op it NK allround yn Grins wûn. De Aldskoater kaam nei 36,81 sekonden oer de streek. It liket in goed begjin foar de titelferdigener want de 500 is net iens syn bêste ôfstân.

Rintje Ritsma fan De Lemmer einige op it 19e plak mei in tiid fan 38,75. Carl Verheijen, krekt hersteld fan in ankelblessuere, joech in soad ta. De stayer hie in tiid fan 39,12. Hy stiet 21e, krekt foar Bob de Jong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)