Sven Kramer 'wint' brûns

27 feb 2010 - 23:07
  • Sven Kramer wie net echt bliid mei de brûnzen medalje

By de ploege-achterfolging op de Olympyske Spelen hat Nederlân mei Sven Kramer, Mark Tuitert en Jan Blokhuijsen it brûns wûn. Noarwegen waard mei lyts ferskil ferslein. It ferskil wie 55 hûndertste. Kanada wûn it goud troch 21 hûndertste earder oer de einstreek te gean as Amearika. By de froulju wie it goud foar Dútslân, Japan wûn it sulver en Poalen it brûns. Sven Kramer sil by de slutingsseremoanje de Nederlânske flagge drage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)