Sven Kramer wint 5 km Berlyn

07 nov 2009 - 16:53
  • Sven Kramer is no al wis fan Vancouver (foto: Martin de Jong)

Sven Kramer is no al wis fan in startbewiis foar de Olympyske Spelen fan Vancouver op de 5 kilometer. De hurdrider fan Aldskoat wûn sneon de wrâldbekerwedstriid yn Berlyn yn in tiid fan 6.14,69. Havard Bokko waard twadde, Bob de Jong tredde.

Kramer hat in beskerme status fan 'e KNSB. Dat betsjut dat it winnen fan ien wrâldbekerwedstriid foldwaande is foar in startbewiis yn Kanada. Foar de 10 km kin Kramer him oer twa wike yn Hamar kwalifisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)