Sven Kramer wint 5 km

07 jan 2012 - 16:56

Sven Kramer hat mei oermacht de 5000 meter op it Europeesk kampioenskip yn Boedapest wûn. Yn de iepen loft sette er in nij baanrekôr del fan 6.31.82. Ploechmaat en konkurrint Jan Blokhuijsen ried 6.36.49, goed foar de twadde tiid en de lieding nei de earste dei. Kramer klimt troch syn winnende 5 km nei it twadde plak yn it klassemint. Op de 1500 meter fan snein moat Kramer 1.12 goedmeitsje. Havard Bøkko stiet tredde nei de earste dei.

Ted-Jan Bloemen stiet nei twa ôfstannen op in kreas sechsde plak. Nei syn 14e plak op de 500 meter, waard de rider fan it gewest Fryslân sechsde op de 5000 meter yn 6.38.27.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)