Sven Kramer wer oppermachtich

06 des 2009 - 00:32
  • Sven Kramer (foto: Martin de Jong)

Sven Kramer hat wer ris sjen litten dat hy fierwei de bêste is op de 5 km. By de wrâldbekerwedstriden yn Calgary ried hy boartsjendewei de konkurrinten op ôfstân. De winnende tiid wie 6.11,11. "It gong maklik en ik ha lang net alles jûn", sei de grutte favoryt foar Olympysk goud op de langste ôfstannen. De Rus Ivan Skobrev waard twadde yn 6.13,19. Bob de Jong kaam út op 6.13,80, goed foar it tredde plak.

Mei it each op de OS sil Kramer takom wykein de 1500 meter ride yn Salt Lake.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)