Sven Kramer twad op 5000 meter

12 feb 2006 - 16:27

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is sneon twadde wurden op de 5000 meter op de Olympyske Winterspelen yn Turijn. Syn tiid wie 6.16,40. De Amerikaan Chad Hedrick waard earste yn in tiid fan 6.14,68.

De Italiaan Enrico Fabris waard tred op de ôfstân yn in tiid fan 6.18,25. De Italiaan treau dêrmei Carl Verheijen krekt fan it poadium. Verheijen hie oan 6.18,84 krekt net genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)