Sven Kramer twad op 1500 meter

26 jan 2008 - 16:59

By de wrâldbekerwedstriden reedriden op de 1500 meter yn Hamar is Sven Kramer sneon einige as twadde. Syn tiid wie 1.44,75. It ferskil mei de nûmer ien, Simon Kuipers, wie mar ien hûndertste sekonde. Kuipers kaam út op 1.44,74. Tredde waard de Kanadees Morrison yn 1.44,82.

Yn it klassemint stiet Kramer seisde. Wennemars stiet dêryn earst, Kuipers twad en Tuitert tred.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)