Sven Kramer tred op 500 meter

09 feb 2008 - 14:35
  • Sven Kramer waard tredde op de 500 meter (foto: Martin de Jong)

Sven Kramer is tredde wurden op de 500 meter by it WK allround yn Berlyn. Hy ried de koartste ôfstân yn in tiid fan 36.22 sekonden. It wie krekt gjin nij persoanlik rekord.

De Kanadees Denny Morrison waard earste yn 35.81. Kramers grutste konkurrint de Amerikaan Shani Davis waard twadde yn 35.85. Oare konkurrinten fan Kramer rieden minder. Bokko waard fyfde, Hedrick sande en Fabris tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)