Sven Kramer toant goede foarm

13 okt 2013 - 10:32
  • Sven Kramer yn Thialf

Sven Kramer hat sneon by testwedstriden op de baan fan Inzell in prima tiid riden op de 5 kilometer. De Fries hie in tiid fan 6.15,38 en liedt dêrmei de wrâldranglist yn dit Olympysk seizoen dat krekt begûn is. Kramer is favoryt foar in gouden medalje op de Olympyske Spelen yn Sotsji. By de froulju toande Ireen Wüst har foarm troch de 1500 meter te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)