Sven Kramer siik yn Calgary

11 nov 2005 - 09:35

Fan reedrider Sven Kramer fan Aldskoat mei dit wykein net folle ferwachte wurde tidens de iepening fan it wrâldbekerseizoen yn Calgary yn Kanada. Kramer is siik. Hy slikt antibiotika om in foarholle holte ûntstekking te bestriden.

De reedrider hie hege ferwachtings fan de 5 km en hopet no takom wike yn Salt Lake City wer hielendal better te wêzen. Kramer ferwachtet wol oan de start ferkine te kinnen yn Calgary.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)