Sven Kramer set alles op Olympyske Winterspelen 2018

24 des 2015 - 06:55

Reedrider Sven Kramer sit noch altyd net op it nivo dêr't er wêze wol. Dat sei de Fryske topsporter woansdei op in parsebyienkomst yn Wolvegea. Kramer brûkte dy byienkomst om werom te sjen op syn sportive prestaasjes fan 2015, mar ek om te sjen nei de takomst.

Kramer hat mar ien doel. De Olympyske Winterspelen fan 2018 yn it Súd-Koreaanske Pyeongchang. De Fryske reedrider wol dan yn absolute topfoarm wêze. Kramer komt nei de krystdagen yn aksje op it NK ôfstannen yn Thialf.

Dêr kin er him pleatse foar it EK allround en de WK ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)