Sven Kramer rap yn Inzell

15 okt 2008 - 23:08

Reedrider Sven Kramer fan It Hearrenfean hat woansdei op it bûteniis fan Inzell in persoanlik rekord riden op de 1000 meter. De mearfâldich wrâldkampioen ried yn Dútslân in tiid fan 1.10.83.

Kramer fersloech yn syn rit Erben Wennemars. Dy kaam úteinlik ta in tiid fan 1.10.97. Wennemars waard twadde. It âlde persoanlik rekord fan Sven Kramer stie op 1.11.16.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)