Sven Kramer is poerrazend oer lekken út medysk dossier

16 nov 2015 - 07:33

Reedrider Sven Kramer is lilk en ferbjustere dat der sneon yn de Volkskrante in ferhaal stie oer senuwskea dy't hy yn 2010 yn 'e rjochterskonk hie. Kramer lit it der net by sitte. Neffens him hawwe dokters in beropsgeheim en is it hiel frjemd dat der yn de Nederlânske sportwrâld út medyske dossiers lekt wurdt.

Kramer wit net wêr't it lek sit, mar wol dat wol útsykje. Kramer liet him yn 2010 ûndersykje nei de teloarstellende Winterspelen yn Vancouver. Ut dat ûndersyk kaam de senuwskea nei foaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)