Sven Kramer pakt Nederlânske titel op 'e 10.000 meter

29 des 2015 - 16:34
  • Sven Kramer

Sven Kramer is by it NK ôfstannen op it iis fan Thialf earste wurden op de 10.000 meter. Kramer ried de ôfstân yn in tiid fan 12.58.71. Hy einige dêrmei foar Erik Jan Kooiman, dy't in tiid fan 13.05.22 helle, en foar Bob de Vries, dy't einige yn in tiid fan 13.06.40. Foar Kramer is it de sechde Nederlânske titel op de ôfstân. 

De grutte rivaal fan Kramer, Jorrit Bergsma, kaam mei in tiid fan 13.07.77 net fierder as in fjirde plak. Hy waard lykwols nei syn rit diskwalifisearre fanwege it fuorttikjen fan in pion en blokje.

Dat betsjut dat er as Olympysk- en wrâldkampioen op dizze ôfstân, net meidwaan mei oan it WK ôfstannen yn Ruslân. Arjen Stroetinga helle mei 13.09.68 in fiifde plak, Douwe de Vries einige mei 13.21.56 as sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)