Sven Kramer op koers foar achtste wrâldtitel allround

05 mrt 2016 - 15:56
  • Sven Kramer by it WK allround yn Berlyn

Sven Kramer hat nei de earste dei fan it WK yn Berlyn de lieding. Kramer wûn de 5000 meter yn 6.14.13. Op de 500 meter wie er earder op ' e dei njoggende wurden. Twa konkurrinten fan Kramer moasten belies jaan. De winner fan de earste ôfstân, de Rus Denis Yuskov, luts him werom. Bart Swings foel op de 5000 meter. Kramer ried yn it lêste pear in moaie flakke rit.

Snein op de 1500 meter hat er 0.87 foarsprong op Jan Blokhuijsen en 1.58 op de Noar Sverre Lunde Pedersen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)