Sven Kramer op koers 1500 m.

12 des 2009 - 00:11
  • Sven Kramer (foto: KNSB)
  • De fenomenale Shani Davis (foto: KNSB)

Reedrider Sven Kramer is tichtby in startbewiis foar de 1500 foar de Olympyske Spelen yn Vancouver. Kramer waard freed njoggende op de dy ôfstân by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City yn 1.43,54, in persoanlik rekôr. Hy pleatste him dêrmei foar de Olympyske kwalifikaasje ein desimber op It Hearrenfean.

Kramer moat dan by de bêste fjouwer einigje. De oerwinning wie foar Shani Davis yn in fantastysk nij wrâldrekôr fan 1.41,04.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)