Sven Kramer net yn aksje yn Hamar

26 jan 2015 - 09:04

Sven Kramer komt it kommende wykein net yn aksje by de wrâldbekerwedstriden yn Hamar. De reedrider fan It Hearrenfean soe dêr de 5000 meter ride. Troch de seleksjewedstriid fan ôfrûne sneon, Kramer pleatste him mei gemak foar it WK ôfstannen op dyselde 5000 meter, moat er syn programma oanpasse.

"Alles ride, dat kin net, je moatte kieze", seit Kramer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)