Sven Kramer nei earste dei WK allround oan de lieding

08 mrt 2015 - 01:10
  • Ireen Wüst

Sven Kramer giet nei de earste dei oan de lieding op it WK allround yn Calgary. Kramer waard tsiende op de 500 meter yn 36.20 en wûn mei oermacht de 5000 meter. In wrâldrekôr siet der net yn, mar syn 6.07.49 wie fan grutte klasse. Snein hat Sven Kramer in lytse foarsprong op de 1500 meter op de Rus Denis Yuskov. Douwe de Vries waard op de 5 km sânde yn 6.17.81 en stiet ek sânde yn it klassemint.

Ireen Wüst stiet nei de earste dei op it tredde plak. De wrâldkampioene fan de lêste fjouwer jier waard tredde op de 500 meter en twadde op de 3000 meter. Heather Richardson, oppermachtich op de 500 meter, en Martina Sábliková, geweldich op de 3000 meter, steane foar har yn it klassemint.

Sven Kramer wol graach syn sânde wrâldtitel winne, Ireen Wüst har sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)