Sven Kramer lit wrâldbeker yn Berlyn sjitte

26 nov 2014 - 12:00

Sven Kramer docht nije wike net mei oan de wrâldbeker yn Berlyn. De reedrider giet sneon nei Collalbo foar in trainingskamp fan tsien dagen, mei teamgenoaten Wouter olde Heuvel en Diane Valkenburg.

Kramer wol ekstra traine om goed prestearje te kinnen yn de twadde helte fan it seizoen. Hy rjochtet him op it NK allround dat ein desimber yn Thialf is. Dêrnei folget noch in fol program mei ûnder oare it EK allround en wrâldbekerwedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)