Sven Kramer komt net yn aksje op de 10 km op it WK ôfstannen

10 feb 2015 - 11:45
  • Sven Kramer

Sven Kramer docht tongersdei net mei op de 10 kilometer op de iepeningsdei fan it WK ôfstannen yn Thialf. Dat komt neffens him mei troch it skema, no't de 10 km al op de iepeningsdei ferriden wurdt. Kramer wol him rjochtsje op de 5 km. "Do kinst wol alles wolle, mar dan moatst wol yn mega goeie dwaan wêze en in super goeie basis ha. Foarearst fyn ik dy by my noch te smel". De reedrider hat wol flink twivele, mar fynt dat er no ferstannich wêze moat. Ek mei it each op it WK allround yn Calgary oer yn maart.

Kramer wie trije kear de bêste op de langste ôfstân. Yn 2007, 2008 en 2009 pakte er de wrâldtitel. Erik Jan Kooiman is de ferfanger fan Kramer. Foar Jorrit Bergsma, de regearend wrâldkampioen op de 10 km en ek winner fan Olympysk goud, liket it paad no frij foar in nije titel. Sven Kramer docht no allinne mei op de 5000 meter en de ploege-achterfolging.

Ek Rintje Ritsma reagearre fia Twitter op it nijs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)