Sven Kramer kampioen op 5 km

30 okt 2009 - 19:33
  • Sven Kramer (foto: Martin de Jong)

Sven_Kramer is freedtejûn Nederlânsk kampioen wurden op de 5000 meter. De man fan It Hearrenfean kaam ta in tiid fan 6.20,71. Dêrmei wie hy dik twa sekonden rapper as Bob de Jong, dy't twadde waard. Wouter Olde Heuvel makke mei it tredde plak it poadium folslein.

Ek Bob de Vries fan De Haule kaam yn aksje op de 5 kilometer, mar syn tiid foel bot ôf. Hy kaam mei 6.31,83 net fierder as it 11e plak. Dêrtroch docht hy net mei yn it wrâldbekersirkwy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)