Sven Kramer izersterk op de 5 kilometer, Jorrit Bergsma goed

13 des 2014 - 16:11
  • Sven Kramer

Sven Kramer pakte sneon oertsjûgjend de winst op de 5 kilometer by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Mei in tiid fan 6.12.74 liet Kramer de konkurrinsje efter him. It sulver gong nei Jorrit Bergsma dy't 6.14.08 klokte en it yn de lêste rûntsjes lizze liet. It brûns wie foar Wouter Olde Heuvel, dy't mei 6.19.58 foar in folslein Nederlânsk poadium soarge. Bob de Jong einige mei 6.20.48 as fjirde.

Douwe de Vries fan It Hearrenfean kaam mei 6.27.00 net fierder as it tsiende plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)