Sven Kramer hat der sin oan

31 okt 2008 - 10:40
  • foto martin de jong

Dit wykein binne de nasjonale ôfstanskampioenskippen reedriden op Thialf. Sven Kramer rydt de 1500 m, de 5 km en de 10 km. De lêste ôfstân hoecht hy net te riden, want hy wol dochs net nei de Wrâld Cup yn Moskou, dêr't in 10 km op it programma stiet.

De ôfstanskampioenskippen binne in seleksje foar dielname oan de wrâldbeker. Kramer hat in pear wike lyn in geweldige 1000 meter riden, mar docht op de ôfstanskampioenskippen net mei oan dizze ôfstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)