Sven Kramer: GOUD

13 feb 2010 - 23:29
  • Kramer nei de winst op de 5 km

Sven Kramer hat syn earste Olympyske goud binnen. Op de 5000 meter wie de grutte favoryt yn Vancouver goed op dreef. Kramer ried yn de alfde rit mei 6.14,60 in Olympysk rekôr en moast doe sjen hoe't syn konkurrinten it der ôf switten.

De Koreaan Seung-Hoon Lee kaam ferrassend noch it tichtst yn 'e buert mei 6.16,95. Ivan Skobrev waard mei 6.18,05 tredde. Bob de Jong, Enrico Fabris, Chad Hedrick en Havard Bokko wiene de ferliezers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)