Sven Kramer giet foar 6e WK

14 feb 2013 - 20:39
  • Sven Kramer

Sven Kramer kin dit wykein foar in unike prestaasje soargje as hy dit wykein yn Hamar wrâldkampioen allround wurde soe. Dat soe syn seisde wrâldtitel wurde en dat is unyk.

Kramer moat it earste plak wat oantal titels oanbelanget no noch diele mei de Noar Oscar Mathisen en de Fin Clas Thunberg. Sven Kramer is al de bêste Nederlanner, Rintje Ritsma wie fjouwer kear wrâldkampioen. Ard Schenk en Jaap Eden hellen dizze titel beide trije kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)