Sven Kramer ferlingt kontrakt by Lotto NL-Jumbo

02 jan 2016 - 09:50
  • Sven Kramer

Sven Kramer hat syn kontrakt by de Lotto NL-Jumbo ploech ferlingd. Kramer hat him no oant april 2018 oan de ploech ferbûn. De 29-jierrige Kramer fielt him goed by de ploech en wol gjin feroarings oanbringe oan it trajekt dat ynslein is rjochting de Olympyske Spelen yn Peyongchang.

Op it NK ôfstannen wûn Kramer de 5 en de 10 kilometer. Op dy ôfstânnen sil hy him ek rjochtsje de kommende tiid. De 1500 meter sil Kramer op in sêft sin sette, neffens syn trainer Jac Orie. Op it NK waard Kramer 8e op dizze ôfstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)