Sven Kramer ferlingt kontrakt by Lotto-Jumboploech

22 des 2014 - 10:23
  • Sven Kramer

Reedrider Sven Kramer hat syn kontrakt by de Lotto-Jumboploech mei ien jier ferlingd. Dêrmei is Kramer de earste dy't ek takom seizoen ûnder coach Jac Orie rydt. De trijefâldich Olympysk kampioen is tefreden oer de gearwurking mei syn nije coach.

Njonken Kramer ride ûnder oare Stefan Groothuis, Kjeld Nuis, Jan Smeekens, Diane Valkenburg en Annette Gerritsen by de reedrydploech fan Orie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)