Sven Kramer: ferkearde wiksel

23 feb 2010 - 22:51
  • Gerard Kemkers stjoerde Kramer nei de ferkearde baan

Sven Kramer hat tiisdeitejûn op de 10 kilometer wol de bêste tiid riden op de Olympyske Spelen, mar hy kriget gjin goud. De Fryske rider wiksele ferkeard en waard diskwalifisearre. Sven rekke yn 'e war troch syn coach Gerard Kemkers. Dy stjoerde him nei de binnenbaan. De teloarstelling is tige grut, sa sei er tsjin Omrop Fryslân. Sjoch op ynternet nei it ynterview.

De Koreaan Seung-Hoon Lee waard no Olympysk kampioen. Bob de Jong waard tred.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)