Sven Kramer Feanster Sportman

09 apr 2008 - 09:53
  • Turner Epke Zonderland krijt de sportwikselpriis 2007 fan Foppe de Haan (foto: Martin de Jong)

Reedrider Sven_Kramer is Sportman fan it Jier 2007 yn de gemeente It Hearrenfean. Kramer krige de priis tiisdeitejûn op it Sportgala dêr.

Keunstrydster Karen_Venhuizen waard Sportfrou fan it Jier, de fuotballers fan Jong Hearrenfean Sportploech fan it Jier en gersbaanracer Andries_Fabriek it Sporttalint fan it Jier. Fierder krige turner Epke_Zonderland de Sportwikselpriis 2007 útrikt troch Foppe_de_Haan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)