Sven Kramer ek op 10 km nei OS

30 des 2005 - 14:06

Sven Kramer fan Aldskoat hat him ek op de 10 kilometer pleatst foar de Olympyske Spullen yn Turijn. Kramer waard tongersdei by it Nederlânsk Kampioenskip Ofstannen twadde nei winner Carl Verheijen. Earder pleatste Sven Kramer him ek al op de 5 kilometer foar it Olympysk toernoai.

Neist Verheijen en Kramer mei ek Bob de Jong de reis nei Itaalje ûndernimme. Olympysk kampioen Jogchum Uytdehaage kaam net oan de start yn Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)