Sven Kramer docht mei oan NK

06 nov 2012 - 16:48

Sven Kramer liket kommende freed by it NK Ofstannen dochs fan start te gean op de 5000 meter. Op syn Twitter-akkount skriuwt er 'No guts, no glory. Zie jullie vrijdag in Thialf.' It wie lang ûndúdlik oft er meidwaan soe, omdat er lêst hat fan in rêchblessuere. Dy rûn er op doe't er fan 'e skommel foel yn 'e tún. It ôfrûne wykein lei er al wol in prima trainingswedstryd ôf op de 3000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)