Sven Kramer bliuwt by TVM

25 feb 2012 - 08:16

Sven Kramer hat syn kontrakt by TVM ferlingd. Dat jildt ek foar Ireen Wüst en trainer Gerard Kemkers. Alle trije bliuwe se by TVM oant en mei de Olympyske Spelen fan 2014 yn Sotsji. De ôfrûne wiken wiene der gerjochten dat Kramer nei de ploech fan Peter Müller gean soe, mar hy bliuwt dus by TVM.

De reedrider traint sûnt 2005 ûnder Gerard Kemkers by TVM en se hellen tegearre in soad grutte súksessen. Kramer waard fiif kear Europeesk en wrâldkampioen en wûn goud op de Olympyske fiif kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)