Sven Kramer bliid mei Veldkamp

04 maaie 2010 - 09:48
  • Bart Veldkamp sil Sven Kramer traine

Sven Kramer hat in wichtige rol spile by it oanlûken fan Bart Veldkamp as de nije coach by TVM. Veldkamp tekene in kontrakt foar twa jier. Hy sil op basis fan lykweardigens gearwurkje mei Gerard Kemkers, dy't einferantwurdlik bliuwt.

De komst fan Veldkamp hat gefolgen foar Geert Kuiper. Hy hat in oare rol binnen it team oanbean krigen. Kuiper kin as technysk manager oan de slach. Dat betsjut dat de Aldeholtwâldster minder op it iis stean sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)