Sven Kramer begjint goed oan EK mei 4e plak op de 500 meter

09 jan 2016 - 14:03
  • Sven Kramer

Sven Kramer is sneon ferrassend goed begûn op de 500 meter by it EK allround yn Wyt-Ruslân. Kramer klokte in tiid fan 36.56 en einige dêrmei as fjirde. De winst gong nei de Rus Denis Yuskov, dy't 36.23 op it boerd sette. Twadde waard Zbigniew Brodka út Poalen mei in tiid fan 36.46. It brûns wie foar de Hongaar Konrád Nagy mei 36.48.

Jan Blokhuijsen einige as fyfde yn 36.57. Douwe de Vries waard 19e mei 37.75.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)